11. Flam yn `e pan
yn petear mei Aukje, 71 jier âld
Aukje en har partner stean altyd foar elkenien klear, doarpsgenoaten kinne by harren terjochte mei allerhanne restmateriaal. Har man makket der altyd wol wat fan, lykas fûgelhúskes foar yn harren tún. Foar Aukje, dy't oarspronklik út Delft komt, fielt Peins as fakânsje; hjir fynt se har rêst. Dy rêst waard lykwols op in dei wreed fersteurd, doe't se fûgelfoer meitsje woe om de spjochten, readboarstjes, blokfinken en kraaien bliid te meitsjen. Se hie in pantsje fet op it fjoer set, mar doe't de telefoan gie, fergeat se it hielendal... Efkes letter stie de hiele keuken yn 'e brân. De brânwacht moast deroan te pas komme. Der wie in soad skea: wetterskea troch it blussen, en de keuken wie troch it roet folslein ûnbrûkber wurden. It goede nijs? Aukje krige úteinlik in nije keuken, mei it oanrjochtblêd fan har dreamen.