4. Ger Edenspaad
yn petear mei Henny, 69 jier âld en har man Ruurd
Yn 1995 sleat de basisskoalle yn Peins har doarren. De measte bern giene dêrnei nei skoalle yn Rie, meastal op 'e fyts. Allinnich wie der ien probleem, seach Ger Edens, âld-foarsitter fan Doarpsbelang Peins: der wie hielendal gjin fytspaad! Ger sette him derfoar yn dat der in feilich fytspaad nei Rie komme soe. Troch syn ynset kaam dat fytspaad der úteinlik ek. De ynwenners fan Peins wiene sa grutsk dat se fûnen dat it fytspaad nei Ger Edens ferneamd wurde moast. De Peinsers hiene in feestlike iepening organisearre mei ballonnen en in strjitnammeboerd. Mar spitigernôch, de gemeente lei dwers: meist net samar dyn eigen strjitnamme betinke. En dus hjit it no noch altyd gewoan it fytspaad nei Rie. Dochs lieten de Peinsers har net hielendal op ‘e kop skite. Henny hong yn har eigen tún, foar har man Ruurd, in strjitbuordsje op mei de tekst: ` Ruurds Reedsje '. En dat buordsje? Dat pakt net ien har mear ôf.