8. Keatskrânsen
yn petear mei Wiebe, 19 jier âld
Wiebe keatst al sûnt syn fjirde. It leafst op it fjild, mar soms weaget er him ek oan muorrekeatsen. By it keatsen draait it om faasje, krêft en reaksjefermogen. "De keatsballen binne bysûndere dingen," fertelt er. Hy leit der ien op de skeal: 24 gram. "Ast der sels ien meitsje wolst, bist dêr wol oeren mei dwaande. ” Syn keatswant weaget presys 92 gram. Syn motto?" Gewoan trochgean. ” Wa ’t de partij wint, krijt in krâns, in trochjoubeker en somtiden sels in horloazje. By de foardoar fan Wiebe syn hûs hingje de krânsen: trije fan himsels, de oaren fan syn heit en suster. De krânsen bliuwe hingjen oant se brún wurden binne — in soarte tradysje. Wiebe’s persoanlik rekôr is tolve krânsen. ‘ Do litst se hingje, ’ seit er, ‘ de helte wurdt brún, mar it bliuwt in krâns... en it hinget ek in bytsje fan ‘e party ôf, oft ik se hingje lit. ’