2. Skoalsluting
yn petear mei Anne Jan, 75 jier âld
Anne Jan wie direkteur fan doarpsskoalle De Trochrin yn Peins, dy't yn 1995 de doarren tichtdie. "De school was de ziel van het dorp en vervulde een verbindende rol", fertelt er. De sfear feroare doe't de earste geroften oer in mooglike sluting rûngiene. Heiten en memmen út omlizzende doarpen fregen har ôf oft it noch nut hie de bern yn Peins nei skoalle gean te litten as dy dochs ticht gie. Anne Jan, de kollega's en de âlderried hawwe har doedestiids hurd ynset om de skoalle te behâlden. Se fierden aksje, makken Fryske posters yn Loeske-styl en plakten dy oeral op yn ‘e stêd, yn en om it stedhûs. Ek waard de gemeenteriedsgearkomste wêryn't it beslút nommen waard besocht en waard dêr troch Anne Jan in pleit holden foar it iepenhâlden fan de skoalle. Spitich, it mocht net helpe … Op ‘e dei fan de sluting sleaten Anne Jan en syn kollega's mei-inoar de doar fan de skoalle — symboalysk, ien lêste kear — en leveren dêrnei de kaai yn.