1. Slingertou
yn petear mei Zoë, 8 jier âld en har freondinnen Ymke en Denne
Zoë, Ymke en Denne neame harsels de “ Wylde meiden van Peins ” – net benaud foar in bytsje modder. Neffens harren is der yn Peins in hiel soad te belibjen. Soms ferkeapje se har eigen keunstwurkjes, foar in priis tusken € 0,50 en € 3. “ By € 3 moat it wol echt in masterwurk wêze! ” Se genietsje fan de bisten yn ‘e omjouwing en hawwe in soad respekt foar de natuer. Neffens Zoe (8) bestiet ûnkrûd net: alle planten binne moai. De famkes bouwe hutten en sels wc's foar harsels, makke fan reid, tûken en modder, midden yn ‘e bosk. Ien fan harren favorite plakjes is de beam mei slingertouwen. Gjinien wit wa't dy touwen dêr oait fêstknope hat, mar se liken der altyd al te hingjen. Fan generaasje op generaasje bliuwe se in ûnmisber ûnderdiel fan it doarpslibben. De wylde fammen witte goed dat se foarsichtich wêze moatte: dat oranje tou kin fier nei achteren swaaie, mei risiko op fallen yn ‘e sleat of in hurde klap tsjin de beam. Oant no ta is it gelokkich altyd goed gien...