9. Sopwedstryd
yn petear mei Hester, Klaas en Vronie, santigers
Hester, Klaas en Vronie foarmje mei mekoar it cateringteam fan Peins. Harren grientesop is yntusken in echte favoryt ûnder de Peinsers. Ien kear organisearren se in sopwedstriid yn it Dorpshuys. Mar leafst trettjin doarpsbewenners diene mei en hiene har uterste bêst dien op in panne farske, selsmakke sop. Alles waard útstald op it biljert. En priuwe mar! Elkenien mocht inoars sop beoardielje, op jacht nei de fûlbegearde Gouden Soeplepel. De winner? De makker fan'e boskpoddestuollesop! Mar … ûnder de priisútrikking bychte er earlik op dat er it sop sels net makke hie... ~~~ Hy hie it sop kocht by de pleatslike supermerk, de Poiesz. Fan alle farske soepen hie dus krekt it sop út in sek wûn. Gelokkich wie de winner sportyf genôch om syn priis troch te jaan oan in oar.