5. Mylpealko
yn petear mei Hans Jouke, 53 jier âl
Hans Jouke melkt syn kij noch altyd sels en ken se troch en troch. Goed foer en goede fersoarging steane foar him foarop. De molke fan de kij wurdt geregeld kontrolearre op de hoefolle se jout en op it fet-en aaiwytgehalte. Alles wurdt soarchfâldich registrearre, sadat presys bekend is wannear't in ko dêryn in mylpeal berikt. Foar sa'n prestaasje kriget de boer in ûnderskieding, bygelyks in oarkonde, boerd of byldsje. Yn 1995, doe't Hans Jouke yn Peins boer waard, krigen de keallen by harren berte de namme fan harren mem. Hy hie betocht dat alle keallen dy't dat jier berne waarden, Pjirkje hjitte soene, nei syn doetiidske buorfrou. Dy namme waard lykwols meardere kearen ferkeard ferstien by de telefoanyske registraasje fia it antwurdapparaat; der waard tocht dat der ' Dirkje ' sein waard. Dirkje 97 is op syn bedriuw berne, en har mem ek. Hans tinkt dat it by de beppe al mis gien is mei de namme. Pjirkje (Dirkje 97) waard úteinlik in echte mylpealko: earst behelle se de 100.000 kilo molke en trije jier letter folge ek noch de 10.000 kilo fet en aaiwyt.