3. Sniestoarm
yn petear mei Jan, 68 jier âld
Jan wol alles witte oer syn omjouwing. Hy observearret, fotografearret, notearret, bringt alles yn kaart. Sels alles wat yn ‘e brievebus komt, wurdt bewarre yn mappen. Wa't wat oer Peins en omkriten witte wol, giet nei Jan. Fier hoecht er noait te reizgjen, want hy fynt alles moai yn syn eigen doarp en provinsje. Jan heucht him noch as de dei fan juster de sniestoarm fan woansdei 14 febrewaris 1979. Alles kaam ta stilstân troch de izel en it tal sniebanken dat troch de hurde wyn ûntstien wie. Auto’s koene net mear fierder en doarren wiene tichtsnijd. Jan neamt de winter fan 1979 -1979 ek wol “ een nuveraardige winter ” omdat der dêrfoaroer yn jannewaris ek hiele moaie winterdagen wiene dy ’t prachtige bylden opleveren as rûnen je yn in winterske mearkewrâld om. De ynwenners fan Peins holpen inoar om de diken wer frij te meitsjen. Reinpakken oan en skeppe mar! Op 22 febrewaris hold it lang om let op mei friezen. En fyftjin dagen nei de stoarm barde it geweldige: der kaam yn it doarp Berltsum noch in ûndersnijd skiep libben foar't ljocht!