12. Seane tsjin de stream op
yn petear mei Saskia, 64 jier âld
Saskia is ûnderdiel fan'e bio-diversiteitsgroep fan Peins. Se binne mei syn achten, elk mei har eigen libben, mar mei healwize leafde foar harren omjouwing. Har misje is om de natuer diverser te meitsjen mei help fan wylde planten. Dêr hawwe je net folle foar nedich, seit se sels. Sa hat se oan in beam in echt fûgelhotel kreëarre en in rambler roas plante dy't wol 17 meter heech wurde kin, en noch mear bistjes oanlûke sil. De ynfloeden fan Saskia en de groep binne sichtber troch it hiele doarp, roazebottel-perkjes en tomateplantsjes om de tsjerke hinne. Jûns hat Saskia har eigen ritueel: se leit in paadsje fan iten foar de stikelbarchjes oan, mei de larven fan swarte soldatemiggen en in pear pinda’s as lekkers. “Net tefolle, want wol net dat oare minsken harren stikelbarchjes siik ite litte trochdat ik net goed oanjou hoefolle it wêze moat.” Op goede dagen skeuvelje der wol acht stikelbarchjes by har troch de tún. In lyts natuerfeestje, alle jûnen wer.