10. Sky-reis
yn petear mei Durkje, Jetske en Roland, fjirtigers – fyftigers
De famylje Van Swieten organisearre eartiids wolris in bysûnder útstapke foar it doarp. En net samar ien: skye mei it hiele doarp! In pear jier lang gong der in bus fol mei sa'n tritich Peinsers op wintersport. Dat wie nochal wat foar sa ’n lyts doarp! Ta gelegenheid dêrfan waard sels in bodywaarmer drukt foar elkenien, mei dêrop de grutske tekst: “ Wat binne we moai fuort net ”!