6. Karbidsjitte
eigen byld Thelma Boateng
Op âldjiersdei fan 16.00 oere ôf is it wer smûk op It Plein; in byinoarwêzen dat himsels organisearret. It hiele doarp komt elkoar om it âlde jier mei in knal út te lieden. Der wurdt karbid sketten út molkbussen, elkenien nimt wat lekkers mei, en fansels binne der oaljekoeken! Mocht it reine, dan stelt in bewenner har loads beskikber, en giet it feest gewoan troch! Wol betiid pike, want nei middernacht is it feest foarby. Eartiids wie der dan ek noch in grut nijjiersfjoer, mar dat mei spitigernôch net mear. Eins moat der ek foar it karbidsjitten in fergunning by de gemeente oanfrege wurde, mar dat wurdt net dien. Mei in glimk seit in bewenner: “ Ach, do moatst sliepende hûnen net wekker meitsje. En mocht er ea in boete fan komme, dan betelje we dy gewoan mei syn allen. "