7. Sweef
eigen byld Thelma Boateng
Yn trochsneed genietsje de Peinsers fan de rêst yn it doarp, mar by de Merke giet it oan! Je binne gjin echte Peinser as je de Merke misse. Dat is net goed foar je selsbyld en je imago, fertelt in bewenner. Bern dy't yntusken net mear yn Peins wenje, komme spesjaal foar dit doarpsfeest werom. Troch donaasjes út it doarp kin de Merke alle jierren wer plakfine. It is ien fan de wichtichste ferbinende faktoaren binnen de mienskip. De Merke duorret fjouwer dagen (fan tongersdei oant en mei snein). Foar de ien betsjut dat fjouwer dagen koma, foar de oar in fanatyk potsje keatse. Muzyk en de patatkream binne ûnmisber. Yn'e Merke traktearret elkenien inoar op drankjes: ‘ seis bierkes yn in sombrero, fjouwer yn ‘e hân. ' Foar in soad wie de sweefmûne in absolút hichtepunt, al jilde dat net foar elkenien. In pear jier lyn stapte in bewenner deryn en sette him mei syn fuotten ôf om ekstra snelheid te meitsjen. It resultaat? Hy fleach fol tsjin de skinen fan in oare ynwenner. Dy hat dêr noch altyd lêst fan en is sûnt dy tiid net mear yn'e sweef sjoen...